Kamp Morra
Yn it nijs dat al gjin nijs mear is ferstjitten foar’t it wurd
útsprutsen wurdt
mar fergetten
net troch de memmen fan moarre
yn gefjocht mei stôk en tou op it grien fan noardeast
alle
fjouwer tûzen
twa
hûndert twa
en
tweintich
sis my datst se telst
en net fan
– – = +
fiifhûndert
ûnder de
_______
it rekkenskriftke gau ticht
de hardliner úthingje
in stimpeltsje yn in hoekje
skiednis
dêr’t wy rom omhinne
kinne
as wy hegere grûn sykje
Geart